Yn de foarige Dwers (22-5) hie ik it oer de drege striid dy’t de provinsje hieltyd mar wer fiere moat om it ryk oan it ferstân te bringen dat it syn ferantwurdlikheid foar it Frysk nimt. No moast deputearre Poepjes minister Slob der wer op wize dat Tresoar net te fergelykjen is mei de oare regionale histoaryske sintra yn it lân. Men soe ha wolle, syn bysûndere posysje hoecht dochs net mear befochten te wurden!
Dat triggere Jelke Nijboer, fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Eaststellingwerf: wat tinkst hoe’t de Stellingwervers tinke oer de bestjoerders op it Provinsjehûs? Krekt itselde! Slimmer noch, de provinsje set de Stellingwerver Schrieversronte it mes op ’e kiel en de beide Stellingwerver gemeenten hawwe der goed foar sein. Har buro yn Aldeberkeap is stadichoan útklaaid. Op papier minder as 2 fte, yn de praktyk 48 oeren wrotte.
De Schrieversronte is net te fergelykjen mei it Frysk Skriuwersboun, om’t it mear is as in rûnte (op ’t heden fan sa’n tûzen leden), mar in ynstitút mei in klopjend hert, dy’t sûnt 1972 de Stellingwerver taal en literatuer, skiednis en kultuer op tal fan manieren befoarderet. As Nedersaksyske taal is it Stellingwerfsk no lang om let erkend ûnder diel III fan it Europeesk Hânfest foar regionale talen en talen fan minderheden en hawwe de oerheden in ynspanningsferplichting. Yn Fryslân binne dat de provinsje en de beide gemeenten West- en Eaststellingwerf. Mar yn stee dat se har der mear foar ynspanne, wurdt de bydrage aloan minder en moat de Schrieversronte har sels mear ynspanne om subsydzje foar har projekten te krijen.
Foarhinne koe se noch rekkenje op 100 prosint stipe, dat ea sa’n € 150.000 west hat. No is noch mar 60 prosint fêst en moat de oare 40 prosint ‘fertsjinne’ wurde. Oare kulturele klups yn de beide gemeenten kinne der ek gading oan meitsje. Dy 60 persint is noch mar € 75.000 en fierder is it ôfwachtsjen hokker fan de troch har yntsjinne projekten honorearre wurde. Yn alle gefallen kin dat net mear wêze as in tredde fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 10.000 foar elk projekt.
Twa kear jiers kinne de oanfragen yntsjinne wurde en it seit himsels dat direkteur Sietske Bloemhoff dy koartrinnende terminen goed acht slaan moat om net efter it net te fiskjen. De trije nijste oanfragen binne aldergeloks goedkard. It giet om in Stellingwerfsk ‘lietienprojekt’ foar de goed fyftich basisskoallen yn de Stellingwerven, in digitale kursus Stellingwerfsk, dêr’t alle moderne kanalen, fan Youtube oant podcast, foar brûkt wurde, en it projekt Stellingwerfske ‘plaknaemebodden’. Oft dy buorden der komme, is oan de gemeenten, mar de Schrieversronte wol fia in QR-koade histoaryske en aktuele eftergrûnynformaasje biede.
De moraal fan dit ferhaal: Jelke Nijboer hat in punt. Sa’t de Friezen de doar yn De Haach plat rinne om har rjocht te heljen, sa moatte de Stellingwervers by de provinsje iderkear biddelje om in pear rudige sinten. Ik wit wol, der binne lju yn de Stellingwerven dy’t de Schrieversronte it ‘monopoalje’ op de streektaal misgunne, mar dy jierrenlange ienriedige ynspanning is krekt har grutte krêft. Dêrsûnder hie de taal al lang nei gychem west en wa hie dan fan Johan Veenstra heard en yn syn sok in rige troch him ynspirearre skriuwers en dichters? Mei elkoar ha se it besteansrjocht fan it Stellingwerfsk as kultuertaal wier makke en de Europeeske erkenning fertsjinne. No noch de Fryske: jou har de romte om te sykheljen.
Provinsje fersnipelet subsydzjes foar it Stellingwerfsk